Westerlauwer
(“West”) Frisian, Fryslân
Listen to
this translation narrated with native pronunciation by Henno Brandsma, Delft,
Southern Holland
(Zuid-Holland, the Netherlands):
[Download
mp3]
Listen to this translation narrated with native pronunciation by Harmen Houtman, Heerenveen (it Hearrenfean, Fryslân/Friesland) (the Netherlands):
[Download
mp3]
Translation: Randy Elzinga, Kingston (Detgahnyöhsráhdöh), Ontario, Canada
Narration:
Harmen Houtman and Henno Brandsman, Fryslân, Netherlands
Language information: [Click]
It winterkeninkje
It winterkeninkje hie syn nêst yn it weinhús. Ienris wiene de âlders allebeide útflein – hja hiene wat te iten helje wold foar harren jongen – en hiene de lytsen hielendal allinne litten.
Nei in tiidsje, komt heit winterkeninkje wer thús.
„Wat is der hjir bard?“ seit er. „Wa hat jimme wat deard, berntjes? Jimme trilje fan ’e skrik.“
„Och heit,“ sizze hja, „Der kaam sa'n grutte bûzeman lâns. Hy like sa fûl en freeslik. Hy stoarre yn ús nêst mei syn grutte eagen. Dat hat ús sa bang makke!“
„Soa,“ seit de heit, „Wêr is er hinne gien?“
„No,“ sizze hja, „hy is dêrhinne gien.“
„Wachtsje,“ seit de heit, „Ik kom him nei. Sit mar net yn noed, bern. Ik sil him wol krije.“ Dêrop fleach er efter him oan.
Doe ’t hy de hoeke om kaam, rûn dêr de liuw.
Mar it winterkeninkje is net beskromme. Hy strykt op de liuw syn rêch del en begjint op him te skellen. „Wat hasto by myn hûs te sykjen?“ seit er, „en myn berntjes bang te meitsjen?!“
De liuw achtet it net, en rint gewoan troch.
Dan begjint de lytse skreauwer him noch mear te beskrobjen. „Do hast dêr neat te sykjen, sis ik dy! En asto noch werkomst,“ seit er, „dan silsto wol sjen! Ik doch it net graach,“ seit er en einlik tilt er syn iene poat op, „mar dan brek ik dy sa dyn rêch.“
Dêrop fljocht hy wer werom nei syn nêst.
„Sa, berntjes,“ seit er, „Dy haw ik it ôfleard. Dy komt hjir net mear lâns.“
scots.php |