Lowlands-L • a discussion group for people who share an interest in languages and cultures of the Lowlands
Lowlands-L

Make a choice...

Home

Free subscription

Language varieties

Rules & Guidelines

Disclaimer

Resources

Publications

Recommended now!

Anniversary

History

Traditions

Travels

Beyond the Pale

Gallery

The Crypt

Members’ Links

Lowlands Shops

Facebook

Language of the day

Wolkom by Lowlands-L!This page is in Westerlauwer (West) Frisian.



Wolkom by Lowlands-L!

Lowlands-L is in automatisearre diskusjelist, dy’t ferspraat wurdt fia e-mail. De list is ornearre foar in ynternasjonaal publyk fan minsken dy’t niget hawwe oan de talen en kultueren fan de lege lannen oan ’e kust fan ’e Noard- en Eastsee (tenei "Lege Lannen"). Lowlands-L wurdt bestjoerd troch Listserv fan LINGUIST. De behearders is Reinhard F. Hahn.

Abbonearjen op Lowlands-L kost neat.

Lowlands-L rjochtet him benammen op de Germaanske talen en de kultueren dy’t dêrmei ferbûn binne, sa’t dy har ûntwikkele ha yn de Lege Lannen (Hollânsk, Sieusk, Frysk, Nedersaksysk [Nederdútsk, Platdútsk]), Limburchsk, en ek op talen en kultueren út oare dielen fan ’e wrâld dy’t dêr in histoaryske bân mei ha (Afrikaansk, Ingelsk, Skotsk, de taal fan lânferhúzers, en pidzjins en kreooltalen dy’t werom geane op dy talen). Oare talen en kultueren meie ek binnen dat ramt oanhelle wurde.

De wichtichste doelen fan Lowlands-L

  • it makliker meitsjen fan kommunikaasje en gearwurking tusken al dyjingen oer ’e hiele wrâld dy’t niget hawwe oan de talen en kultueren fan de Lege Lannen;

  • it befoarderjen en ienfâldiger meitsjen fan ûndersyk nei en ûnderwiis yn de talen en kultueren fan ’e Lege Lannen;

  • it befoarderjen fan it gebrûk fan taalkundige en kulturele gegevens oangeande de Lege Lannen yn mear algemien ûndersyk;

  • it stypjen fan besykjens om de lytse talen en taalfarianten yn ’e Lege Lannen te beskermjen, harren posysje sterker te meitsjen en it gebrûk derfan te befoarderjen;

  • it omtinken jaan oan lytse talen en kultueren yn ’e Lege Lannen, ynklusyf dy talen en kultueren dy’t net offisjeel erkend wurde;

  • it tsjinjen as in foarum foar it sykjen nei oerienkomsten en ferskillen tusken de talen en kultueren fan ’e Lege Lannen;

  • it skeppen fan ’e mooglikheid om yn ferskillende, mar wol ûnderinoar te begripen talen ta in diskusje te kommen;

  • it oanheljen fan ’e taalkundige, kulturele en sosjale bân tusken ’e praters fan ’e talen fan ’e Lege Lannen, harren neikommelings, en harren freonen

Regels foar it hâlden en dragen op Lowlands-L

  • Alle bydragen moatte hoflik en freonlik fan toan wêze;

  • Lowlands-L is net ornearre foar persoanlike kommunikaasje. Dy moat fia priveekanalen syn beslach krige;

  • It oankundigjen fan útjeften, software, konferinsjes, programma’s en fakatueres is tastien, mar kommersjele advertinsjes sille ward wurde;

  • At jo op Lowlands-L in fraach stelle oan ’e oare abonnees, dan wurde jo frege om de risseltaten foar de list gear te fetsjen en dêr de andertjouwers by te fernijen;

  • De taalkar op Lowlands-L is frij, mar de neikommende talen wurde foar kar naam: Afrikaansk, Hollânsk, Frysk (alle fariëteiten), Limburchsk, Nedersaksysk, Ingelsk en Skotsk;

  • Reglementen en rjochtlinen (in it Hollânsk)

  • Disclaimer (in English)

Abbonearjen? Klik hjir!


Translators: Henry Baron, Andrys Onsman and Henk Wolf

XXX: YouPorn - FullTeenXXX.Com - Google: XXX
© R.F. Hahn, 1995 · Phileon Webdesign
Lowlands-L Online Shops: Canada · Deutschland · France · 日本 · UK · USA